Dichter en kritikus Piter Yedema stoarn

FOTO SIRKWY.FRL

De Fryske dichter Piter Yedema is sneon, in dei foar syn 77-ste jierdei, ferstoarn yn it MCL yn Ljouwert. Hy wie dêr opnommen nei in hertstilstân.

Yn it deistich libben wie Piter Yedema in oantal jierren learaar eksakte fakken yn Snits en Ljouwert, in beskieden part fan syn libben hat er yn it bûtenlân tabrocht. Sa wenne er koart yn Ingelân en Skotlân en hat er in oantal winters op Sisilië en Sardinië tabrocht.

Fan 1975 oant 1979 wie er as redakteur ferbûn oan literêr tydskrift Hjir. Hy liet him yn dy jierren benammen jilde as in kritysk en eigensinnich resinsint mei in skerp each foar kwaliteit.

As dichter debutearre er yn 1987 yn boekfoarm mei de yn eigen behear útjûne bondel  Boarring . Dêryn ferliket er it suverjende fjoer fan in flam by in gasboarring mei in rikkerich brantsje fan túnôffal. Foar Yedema symbolisearret dat de tsjinstelling tusken it hegere en it legere, it libben en de dea, it tydlike en it ivige.

Fan Piter Yedema ferskynden yn letter jierren noch fjouwer bondels. Dêrút kaam in sterke foarkar foar foarmfêste poëzij nei foaren. Sa bestiet de bondel  Lieten fan de flakte  út 1987 út 19 saneamde villanellen, in fersfoarm út it Napels fan fyftjinde iuw. De bondel Manneboete  út 1992 bestie út twa sonnettekrânsen – elk fan fyftjin sonnetten – en sân oersette sonnetten fan Shakespeare.

Yedema skreau ek foar Frysk en Frij, Trotwaer, De Moanne en it Friesch Dagblad. Yn 1998 en 1999 wie er as kollumnist ferbûn oan de Leeuwarder Courant. Yedema hie ôfrûne woansdei noch foarlêzen by de iepening fan de ekologyske wenfoarm Frijlân oan de Boksumerdyk by Ljouwert.